'Wetter' foar alle basisskoallen

Yn gearwurking mei útjouwerij Afûk hat Wetterskip Fryslân oan alle basisskoallen yn Fryslân in eksimplaar fan it printeboek ‘Wetter‘ kado dien. Oanlieding foarme ‘Wereld Waterdag’ op snein 22 maart lêstlyn. Berneboeke-ambassadeur Linda de Haan, tagelyk ek skriuwer én yllustrator fan ‘Wetter‘, makke der in lesbrief by.It boek Wetter is in moai startpunt om mei dyn klasse te praten oer wetter yn Fryslân. Oer wat wetter eartiids betsjutte, mar ek oer hjoed en moarn. Want wetter is altyd tichteby: yn sleatten en marren, achter de dyk en somtiden sels yn de strjitte. Mei de lesbrief krigest as juf of master hânfetten om it mei dyn klasse fierder te ûntdekken. Oan de hân fan fragen en ienfâldige opdrachten kinne learlingen aktyf oan de slach en ûntdekke se wêrom’t wetter en goed wetterbehear sa wichtich binne foar harren eigen leefomjouwing.

Wetter – lesbrief | Wetter -boek

Wistest dat Wetterskip Fryslân in híel soad ynformative en edukative aktiviteiten fersoarget? Sjoch op wetterskipfryslan.nl of nim kontakt mei harren op oer de mooglikheden foar dyn skoalle of ynfolling fan lessen: wetterskipfryslan.nl/rondleidingen-en-educatie.