8 April

BBA op De Populier yn Makkum

Hjoed sil de Berneboeke-ambassadeur foarlêze en fertelle op OBS De Populier yn Makkum en meie de learlingen har fragen stelle. De skoalle hat in lêskiste besteld, dus der is genôch ynspiraasje om mei te wurkjen hjoed! En fansels sille de learlingen sels ek oan de slach mei it meitsjen fan in ferhaal.