De Berneboekeambassadeur (BBA) fan Fryslân set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

Lêskoffer

De Berneboeke-ambassadeur kiest alle jierren tsien Fryske berneboeken, foar alle leeftiden, dy’t sy graach ekstra yn it sintsje sette wol. It binne bysûndere boeken dy’t in grut Frysk taaleigen biede, plezierich (foar)lêze of tige gaadlik binne foar allerhande kreative of taalkundige ferwurkingsopdrachten.

Tiplist boeken