Nûgje de BBA út!

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

Dêrfoar kin de BBA útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals.

Ha jo in idee of in evenemint wêr’t jo de Berneboeke-ambassadeur útnûgje wolle, nim dan kontakt op fia it opjefteformulier.
Hjirûnder in stikmannich foarbylden wat de Berneboeke-ambassadeur dwaan kin.

Basisskoalle

Learlingen

Foar de learlingen fan basisskoallen is de BBA yn te setten mei ferskate programma’s.

FFF = Foarlêze, fertelle, fragen beäntwurdzje

De Berneboekeambassadeur komt yn de klasse om ynteraktyf foar te lêzen, te fertellen, fragen te beäntwurdzje en mei de bern te praten oer har eigen en oare Fryske berneboeken.
Sa’n klassebesite duorret 1 oere per groep, by groepen 3 o/m 8.
Foar de groepen 1 en 2 wurdt net langer as in healoere advisearre.
In skoalle kin de BBA foar maksimaal 3 oeren deis útnûgje.
De boeken dêr’t sy it meast mei wurket, binne oan te skaffen fia de spesjaal dêrfoar gearstalde Lêskoffer.

* Om de besite ta te rieden, kinne de bern yn it foar wat Fryske berneboeken fan de BBA en har kollega’s lêze, of kin de learkrêft se foarlêze.
It is ek moai as de bern yn it foar neitocht ha oer fragen dy’t sy de BBA stelle wolle.
De 10 berneboeken dy’t yn 2020 Op de Tiplist steane, kinne apart besteld wurde yn in Lêskofferke.

Wurkwinkel Ynspiraasje

(fan groep 4 ôf)

De Berneboeke-ambassadeur komt yn de klasse, fertelt oer boeken, beantwurdet fragen, mar giet ek mei de bern oan de slach. Ek al ha de bern noch noait Frysk praat of skreaun, der is altyd in mooglikheid om harren kreatyf út te drukken. Troch allerhande wurkfoarmen (Hoe betinkst in ferhaal? Hoe sjocht dy haadpersoan derút? Wat is in moaie earste sin?) krije bern ynspiraasje en ideeën om sels oan it skriuwen te gean, want wat sy meitsje is noait ferkeard en elkenien hat fantasy!

Wurkwinkel ‘Meitsje dyn ferhaal moaier’.

De Berneboeke-ambassadeur komt yn de klasse, fertelt oer boeken, beantwurdet fragen, mar giet ek mei de bern oan de slach.

Elkenien kin wol in opstel op papier krije, mar wêrtroch is in ferhaal fan in ‘echte’ skriuwer no moaier en spannender? Yn dizze wurkwinkel leit de BBA út hoe’t skriuwers har teksten werskruwe en deroan wurkje oant se tefreden binne, en lit sy foarbylden sjen fan trúkjes dy’t skriuwers brûke om har ferhalen moaier te meitsjen. Tips, dus, en sels oan it skriuwen en boartsjen mei tekst.

Alders

De Berneboeke-ambassadeur kin útnûge wurde as sprekker op in Alderjûn. Al of net mei in PowerPointpresintaasje jout de BBA in lêzing oer Fryske berneboeken, it moaie fan meartaligens en it belang fan lêzen. Fansels kinne der fragen steld wurde.
In lêzing duorret likernôch in oere, mar kin yn oerlis ek langer of koarter makke wurde.
Op fersyk kinne der ek boeken foar ferkeap meinommen wurde.

MBU, HBU

(bygelyks Pabo, opleiding ondewijsassistent)

Al of net mei in PowerPointpresintaasje jout de BBA in lêzing oer (it skriuwen fan) Fryske berneboeken, it moaie fan meartaligens en/of it belang fan lêzen. Fansels kinne der fragen steld wurde. In les duorret likernôch in oere, mar kin yn oerlis ek langer of koarter makke wurde.

De Berneboeke-ambassadeur kin ek in wurkwinkel kreatyf skriuwen jaan.

Bibleteek

Bibleteken kinne de Berneboeke-ambassadeur ek útnûgje. Ek dêr kin se foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje oer Fryske berneboeken.

Evenemint

De Berneboekea-mbassadeur kin oanwêzich wêze op boekedagen, boekefeesten, foarlêseveneminten, stúdzjedagen, iepenings of oare eveneminten dy’t te meitsjen ha mei Fryske berneboeken. Fernim nei de mooglikheden.

Sjuery

Fansels is de Berneboeke-ambassadeur altyd ree in sit te nimmen yn in sjuery fan Fryske foarlês-, foardrachts- of skriuwwedstriden.

Soarchynstelling

De BBA kin delkomme op berneôfdielings fan sikehuzen of yn praktiken fan (toske)dokters om foar te lêzen en te advisearjen oer moaie Fryske boeken yn wachtkeamers.

Folje mar yn…

Ha jo in goed idee om de BBA yn te skeakeljen foar noch krekt in oare aktiviteit? Nim gerêst kontakt op foar oerlis.