Wat is de Berneboeke-ambassadeur no krekt?

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) bringt Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan in breed publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

Wat docht de BBA?

De BBA komt op útnûging del op skoallen, yn bibleteken, of op boeke-eveneminten. De BBA kin ek in sit te nimmen yn in sjuery of as sprekker oer eigen wurk en Fryske berneboeken fertelle. It is fergees om de BBA út te nûgjen.

Sjoch foar fierdere ynformaasje en foarbylden op de website ûnder it kopke Nûgje de BBA út!

Kinne wy de BBA by ús op skoalle/yn de biblioteek/by ús feriening krije?

Jawis! De BBA is fergees oan te freegjen fia de website. Lit jo gegevens achter, en jou oan wêrfoar’t jo de BBA útnûgje wolle. Der wurdt dan kontakt mei jo opnommen om in ôfspraak yn te plannen.

Wy wolle de BBA graach útnûgje, mar wat kostet dat?

De BBA is hielendal fergees.

Hoe nûgje wy de BBA út?

Fia de opjaan side.

Wa hat de Berneboeke-ambassadeur oansteld?

De BBA is oansteld troch Boeken fan Fryslân, de organisaasje dy’t him ynset foar promoasje fan Fryske boeken.

Foar hoe lang wurdt de Berneboeke-ambassadeur oansteld?

It ‘amtstermyn’ fan de BBA is twa jier.

Praat de BBA allinnich mar Frysk?

Fansels ken de BBA ek Nederlânsk en kin se har knap rêde yn noch in stikmannich talen, mar as de BBA op besite giet nei skoallen, bibleteken, organisaasjes en eveneminten, ferbrekt se har net, om elkenien de kâns te jaan yntinsyf yn ’e kunde te kommen mei it Frysk en syn eigen talichheid te ûntdekken. Troch werhelling en kontekst komt de boadskip wol oer. Dizze metoade wurdt al langer mei sukses brûkt troch bygelyks Native English Speaker-learkrêften.

Ik wol wat freegje oer Fryske berneboeken, Frysk lêzen of de Fryske taal, mar ik wit net goed by wa’t ik wêze moat. Mei ik de BBA maile?

Dat mei. De BBA hat in grut netwurk, en wurdt stipe troch minsken mei allerhande spesjalismen. Faak sil de BBA jo trochferwize kinne, as sy sels net helpe kin.