13 Maaie

BBA op De Wingerd yn Damwâld

Op it spesjaal ûnderwiis fan de De Wingerd yn Damwâld sil de Berneboeke-ambassadeur yn de Fryske wike oan de slach mei Fryske boeken. Gjin bernige boeken, wol maklike boeken. En dus komme de learlingen hjoed yn de kunde mei de leukste Fryske berneboeken foar harren. Se wurde foarlêzen, meie fragen stelle en mei-inoar fersinne wy in ferhaal.