25 Juny

BBA op Dorpsschool de Twa-ikker yn Augustinusga

De hiele moarn is de BBA oanwêzich by de groepen 3/4, groep 5/6 en groep 7/8  op de Twa-ikker om foar te lêzen, te fertellen en fragen te beäntwurdzjen fan de learlingen. De besite is part fan de toernee troch de hiele gemeente Achtkarspelen, by alle skoallen del! Want de skoalle ûntfangt hjoed fan de BBA de lêskiste mei dêryn tsien Fryske berneboeken. In geweldich kado dat sy fergees krije fan de gemeente Achtkarspelen!