18 April

BBA op IBS it Pertoer yn Weidum

Hjoed reizget de Berneboeke-ambassadeur by de klassen del op IBS it Pertoer yn Weidum. Yn groep 3/4, 5/6 en 7/8 sil sy foarlêze en fertelle en meie de learlingen fragen stelle. En fansels sille de bern ek oan ‘e slach mei it meitsjen fan in ferhaal.
De Berneboeke-ambassadeur komt fergees ek by jimme del! Sjoch op de website foar mear ynformaasje.