26 Juny 27 Juny

BBA op skoalle De Nijewier yn Tjalleberd

Mei it fak Frysk oan de slach op skoalle, dat is allegearre nij. En net elkenien behearsket it Frysk. SWS De Nijewier yn Tjalleberd giet derfoar! Ien fan de dingen dy’t se dogge, is de Berneboeke-ambassadeur útnûgje. Tialda komt dizze dagen del by alle bouwen om taal en ferhaal boartlik te ferkennen en tegearre te genietsjen fan de rykdom fan it (foar)lêzen.