22 Oktober

BBA yn Oentsjerk en Aldtsjerk

Hoewol’t de Kinderboekenweek foarby is, giet dizze noch efkes lekker troch yn Aldtsjerk! It tema is dit jier ‘Lekker eigenwijs!’. De Berneboeke-ambassadeur komt mei in steapel lekker eigenwize Fryske berneboeken del op de skoallen en sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje. Learlingen meie in lekker eigenwiis ferhaal betinke! En: sy krije fergees de moaie lêskiste fan de gemeente!