2 Juny

Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra jout lêzing op Friesland College

Hjoed jout de BBA in lêzing op it Friesland College op It Hearrenfean foar in groep studinten Pedagogysk wurk en Spesjaliseare Pedagogysk meiwurkers. It is ien fan de ûnderdielen fan harren rige lessen ‘Meartaligens Training’. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.