26 Maaie 27 Maaie

Berneboeke-ambassadeur (BBA) op besite by Sint Ludgerus yn Warkum

Yn it ramt fan de Fryske Wike op IKC Sint Ludgerus yn Warkum sil de BBA dêr twa dagen te gast wêze. Op 26 maaie giet se de groepen fan de boppebou bydel, op 27 maaie komt se yn de klassen fan de ûnderbou. Earder joech Lida Dykstra in wurkwinkel ‘Wurkje mei Fryske berneboeken’ oan it team fan de skoalle. Nijsgjirrich of wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.