Boekewike 2026
It is wer tiid foar de ‘Boekenweek’! De (nasjonale) boekewike is in feest foar jong en âld, want der is in boek foar elkenien. Mei it tema ‘Myn generaasje’ rôlet it CPNB de reade loper út foar elke generaasje. De boekewike 2026 giet oer boeken, ferhalen en taal dy’t sjen litte hoe’t generaasjes foarme wurde. Ofsto no in boomer bist of zoomer, millennial, alfa of X: dyn generaasje is foaral in gefoel. Oer wa asto bist en by wa asto hearst. Dat generaasjegefoel groeit ast as tiener dyn eigen plakje sikest, yn ‘e wrâld en yn ‘e tiid. En reizget mei dy nei dyn pensjoen mei. Untdek it allegear yn dyn boekhannel. Fansels is der de hiele perioade it tradysjonel boekewikegeskink by besteging fan € 17,50 ôf oan boeken!