30 Oktober

Boekpresintaasje 'De Wiksel - De Wissel' fan Janneke Brakels

Fannemiddei yn Café De Bak yn Ljouwert is it einliks safier foar Janneke Brakels: dan presintearret se har earste berneboek: De Wiksel – De Wissel, ferskynd by Utjouwerij Afûk. De Wiksel – De Wissel is in twatalich boek, dat fan twa kanten ôf te lêzen is Fan de iene kant ôf fertelt it boek it ferhaal fan Lucas yn it Frysk. Fan de oare kant ôf lêst it ferhaal fan Qamar. Dit diel is skreaun yn it Nederlânsk. Fansels is it boek nei de presintaasje op de lokaasje te keap, mar it leit fan hjoed ôf fansels ek yn de boekhannel! PS fan 31 oktober o/m 8 novimber is it Fryske Boekewike en krigest by oankeap fan € 15,00 of mear oan boeken, it Frysk Kadoboek der fergees op ta!