1 Novimber

Dûbele boekpresintaasje: twa nije graphic novels fan Elske Schotanus

Fannemiddei wurde tagelyk twa nije graphic novels fan Elske Schotanus presintearre: Jonges fan Sleat, ferskynd by Utjouwerij Afûk en Twa skinken, ferskynd by Utjouwerij De Ryp. De presintaasje fynt plak yn De Poarte yn Sleat en is mei meiwurking fan: útjouwer DeRyp Hille Faber, pianiste Kanako Inoue, skriuwer Hylke Speerstra, dichter Eeltsje Hettinga, ferhaleferteller Sytse Bouwhuis en Ernst Bruinsma, útjouwer by de Afûk en direkteur fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Oanmelde kin foar 28 oktober fia schotanus.e@kpnmail.nl. PS: omdat 1 novimber middenyn de Fryske Boekewike falt, krije keapers fan it boek by de presintaasje it Kadoboek Seis Ses Zesse Ses der fergees by!