Gouden Lida: feestlike middei oer en mei in alsidich skriuwster
Tresoar set Lida Dykstra yn it sintsje! Hjoed fan 13.00-17.00 oere. In nijsgjirrich programma, mei goud as tema, bringt in earbetoan oan de alsidige skriuwster dy’t al sa’n 100 boeken, meast foar bern, skreaun hat. As earste Fryske skriuwster wûn se in Gouden Griffel, foar har berneboek De wonderverteller. Tal fan aspekten út har rike karriêre komme oan bar: Jaap Friso, bekend fan De Grote Vriendelijke Podcast oer jeugdliteratuer, praat mei Lida Dykstra en twa oare priiswinners Natascha Stenvert (yllustrator) en Skelte Braaksma (striptekener). Der is muzyk fan Janneke Brakels en de yllustratoaren Berber van den Brink en Nina Peckelsen meitsje dizze middei live in wurk foar Lida. Oanmelde foar dizze feestlike gouden middei kin fia dizze link >>>