Gruffalomoarn by de Afûk! Komst ek?
Kom mei jim beppe (pake, mem of heit mei fansels ek) nei de Beppe Gruffalomoarn yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert. Earst wurdt der foarlêzen út it prachtige nije boek Beppe Gruffalo en dêrnei kinne de bern in moaie meunster-ansichtkaart meitsje. Dat is fansels superleuk, mar wat it noch leuker makket is datst ‘m fuortendaliks ferstjoere kinst, want wy betelje de postsegel! Betink mar fêst oan wa’sto dyn meunster-ansichtkaart stjoere wolst 😉 De Gruffalomoarn is fan 10.30-11.30 oere en is foar bern fan 2-7 jier. Dizze aktiviteit is hielendal fergees mar moatst dy wol even opjaan. Stjoer in mailtsje oan ynfo@tysenteske.frl, dan sjogge wy jim hjoed!