9 Desimber

Jubileum Frysk en Frij 80 jier taalfoarum

Ta gelegenheid fan it 80-jierrich bestean, organisearret Utjouwerij Frysk en Frij op sneon 9 desimber de moarns in taalfoarum: poadia foar frije Frysktalige sjoernalistyk en literatuer. Lokaasje: stedhûs Frentsjer. Gesprekslieder: Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar, dosint Frysk. Foarumleden: Mirka Antolovic, direkteur Tûmba, fraksjefoarsitter PvdA Ljouwert; Tsead Bruinja, dichter, eardere Dichter des Vaderlands; Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur, dichter, skriuwer, einredakteur De Moanne; Albertina Soepboer, skriuwer, dichter, dosint Frysk; Eelke Veltman, antropolooch, dichter; Ilse Vos, poëzydosint, dosint wurkwinkels. Mear ynfo: fryskenfrij.nl.