21 Maaie

Lêskiste nei OBS ’t Partoer yn Burgum 

Hjoed sil de BBA del by de groepen 1/2, 5 en 8 op OBS ‘t Partoer yn Burgum. Mar de hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêskiste dy’t sy fergees krije fan de gemeente Tytsjerkstradiel! Dêr wurdt hjoed út foarlêzen en oer ferteld. De bern mei fragen stelle oer it wurk fan de Berneboeke-ambassadeur en har wurk as skriuwer.