20 Jannewaris 31 Jannewaris

Nasjonale Foarlêsdagen 2027

It is wer tiid foar de Nasjonale Foarlêsdagen! It ‘prentenboek van het jaar’ dat sintraal stiet is ‘Kom maar, Kipjes!’ fan Hilde Peters. Troch de Afûk is der in lesbrief by makke mei in Fryske oersetting fan it ferhaal en fansels tips en suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne. De Nasjonale Foarlêsdagen ha as doel om it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal-)ûntwikkeling fan bern en it prikelet de fantasij. En it is ek nochris hiel gesellich! Sjoch denationalevoorleesdagen.nl en tysenteske.frl.