30 Oktober

Utrikking Tiny Mulderpriis 2026

De Tiny Mulderpriis is dit jier takend oan Rymke Zijlstra foar har boek It geheim fan Gurja. De priis bestiet út € 4.000,- en in oarkonde. Deputearre Eke Folkerts rikt de priis hjoed op feestlike wize út. De provinsjale Tiny Mulderpriis wurdt dit jier foar it earst útrikt foar jeugd- en/of berneliteratuer dy’t oerset is nei of út it Frysk. De priis is neamd nei skriuwster, dichteres, sjoernaliste en oersetster Tiny Mulder (1921-2010), dy’t in grutte bydrage oan de Fryske literatuer én berneliteratuer levere. Lês ek Tiny Mulderpriis 2026 foar Rymke Zijlstra.