28 Oktober 30 Oktober

Waadkracht Festival 2026: ek foar dy?!

It Waadkracht Festival 2026 fynt plak op woansdei 28 oktober yn Sporthal De Trije yn Frjentsjer en op freed 30 oktober yn MFC Ons Huis yn Sint-Anne. Waadkracht ferbynt âlden, professionals en organisaasjes yn de gemeente Waadhoeke mei as doel it kreearjen fan gelikense kânsen foar elk bern fan 0 oant 18 jier. It festival bringt gesinnen, âlden, bern en professionals by elkoar yn in evenemint mei workshops, foarlêssesjes, beweging en moeting rûnom kânsryk opgroeien. Tegearre mei de Biblioteek foarmet de Afûk it Taalplein mei bygelyks ynformaasje oer meartalich grutbringen en de krêft fan boeken en foarlêzen. Nijsgjirrich? Mear ynfo op waadkracht.nl. It festival is fergees tagonklik!