21 Febrewaris

Ynternasjonale dei fan de Memmetaal

De Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal wurdt alle jierren op 21 febrewaris fierd. Dizze dei is troch UNESCO yn it libben roppen om omtinken te freegjen foar taalkundige en kulturele diversiteit en meartaligens wrâldwiid. Yn Fryslân wurdt hjir troch lokale ynstânsjes lykas dbieb jierliks by stilstien, wêrby’t de rykdom fan sawol it Nederlânsk as it Frysk én oare memmetalen sintraal stiet. Sa wurdt der bygelyks yn meardere talen foarlêzen en wurde der ferskate oare aktiviteiten oanbean. Sjoch foar mear ynfo op de webside fan dyn lokale biblioteek!