16 Febrewaris

Wike fan de Memmetaal: BBA op besite by biblioteek Drachten

De Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal wurdt alle jierren op 21 febrewaris fierd. Dizze dei is troch UNESCO yn it libben roppen om omtinken te freegjen foar taalkundige en kulturele diversiteit en meartaligens wrâldwiid. Yn Fryslân wurdt hjir troch lokale ynstânsjes lykas dbieb jierliks by stilstien, wêrby’t de rykdom fan sawol it Nederlânsk as it Frysk en oare memmetalen sintraal stiet.