Lida Dykstra
Ambassadeur 2020, 2021, 2022Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Frysk en yn it Nederlânsk, en set sels har wurk fan de iene nei de oare taal oer. Neist printeboeken (Mûske myn famke, Knipperke, Pykje Fjouwer), en boeken foar begjinnende lêzers (Ridder Jet, De tún fan Trip) skriuwt sy ek foar âldere jeugd.
By dy boeken (Wolken fan Wol, Spegelspreuk, Wenje yn in Skilderij) lit sy har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Lida hat û.o. twa kear de Simke Kloostermanpriis, de priis foar it bêste Fryske berneboek, wûn.
Fan 2015 ôf is sy Skoalskriuwer. Fan 2020 ôf is sy foar twa jier beneamd as Berneboeke-ambassadeur. Foar mear ynformaasje: www.lidadijkstra.nl
De Boeken fan Lida Dykstra
Miskien hat Berneboekeskriuwer Lida Dykstra by jim op skoalle west of hast in optreden fan har sjoen yn de biblioteek. No hast fansels sin om in boek fan har te lêzen. Op har website steane alle boeken dy’t sy skreaun hat, yndield op leeftyd.