Linda de Haan
Ambassadeur 2026, 2027, 2028Linda de Haan (Burgum, 1976) is yllustrator en berneboekemakker. Yn 2000 ferskynde yn fjouwer talen tagelyk har earste printeboek ‘Kening & Kening’, dat se tegearre mei Stern Nijland makke. De Haan yllustrearre ferskate Fryske en Nederlânsktalige berneboeken en fersoarge û.o. yllustraasjes foar Tomke-boekjes.
Ferline jier ferskynde ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’, in berneboek wêrfan’t sawol it ferhaal as de yllustraasjes fan har hân binne. It boek waard selektearre foar de White Ravens fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Koartlyn ferskynde har nijste berneboek ‘Wetter’.
Mear oer Linda kinst fine op lindadehaan.com.