Lêskoffer 2021

Lêskoffer 2021

Alle tsien boeken fan de Tiplist 2021 mei-inoar mei spesjale koarting.

€ 125,- Bestel
Omke Ûle past op

Omke Ûle past op

ûnderbou
ISBN: 9789493159471

Omke Ûle sit it leafst feilich thús. Hy hâldt net fan drokte en is oeral benaud foar. Hy is dan ek hielendal net bliid as er op syn neefke Eppy passe moat. Want Eppy wol de wrâld ûntdekke. Se fuorje de eintsjes en farre mei in boat. Uteinlik bedarje se op de merke, yn in achtbaan. Hoe soe dat ôfrinne?

Kening & Kening

Kening & Kening

ûnderbou
ISBN: 9789493159242

In modern mearke oer in kroanprins dy’t gjin sin oan trouwen hat. Mar dat kin fansels net. As de kroanprins oait kening wurde wol, dan moat er troud wêze, fynt syn mem. Dus se giet, om’t se mei pensjoen wol, op ’e syk nei in geskikte partner foar har soan. Soe dat slagje? Libbet elkenien lang en gelokkich oan de ein fan it boek?

P is fan PIBA

P is fan PIBA

middenbou
ISBN: 9789056151911

A is fan aai Abe, B is fan baarch Bintsje, D is fan do Durk, E is fan eamelder Eise en gean sa mar troch. Yn dit kleurige printeboek steane alle letters fan it Fryske Aabee op in rychje. Eltse letter hat in rymke, dêr’t in bist mei deselde letter de haadrol yn spilet. By dat bist heart ek nochris in útrop mei deselde letter.(alderraarst, blikstiender, dealehaalder of piba!) Klearebare taalplezier!

Super!

Super!

middenbou
ISBN: 9789460381423

Hidde syn pake timmeret in dekôr foar in berne-iepenloftspul. Hy fertelt Hidde dat der behalve bern ek in hûn en in kat yn meidwaan sille. In frou út Amsterdam sil foar dy bisten soargje. As dat net trochgiet, freget Hidde oft syn eigen hûn Twirre en kat Top net meispylje meie. Dagenlang oefenet Hidde mei syn bisten. Mei de repetysje giet alles goed. Mar dan rekket Top ferwûne en Twirre fljocht fan it toaniel ôf. Soe alles wol goedkomme mei de premjêre?

Bartele Bûse

Bartele Bûse

middenbou
ISBN: 9789056156756

Bartele Bûse hat in protte fantasy. Yn alles wat er fynt, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skilderet Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Bartele harket mei sân pear earen…

Gewoan gek op skiednis

Gewoan gek op skiednis

boppebou
ISBN: 9789062739806

Fiif skriuwers fertelle mei-inoar 41 (11 en 30) ferhalen yn dizze Kanon fan de Fryske skiednis foar bern. Ferhalen dy’t geane oer minsken lykas Gysbert Japicx, Mata-Hari, Grutte Pier of Abe Lenstra, mar ek oer dingen lykas de Ofslútdyk, it gouden earizer of ruilferkaveling. It boek is boartlik útfierd fol strips en kleurige yllustraasjes. Boppe-oan de ferhalen stiet in dúdlike tiidline.

Heech Tymo, sjoch omheech

Heech Tymo, sjoch omheech

boppebou
ISBN: 9789492457202

Tymo syn mem hat in nije freon: Ferdy. Tymo kin min mei him opsjitte. Syn mem kin wol better krije, fynt er. Dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. De heit fan it jonkje is in echte keunstner dy’t bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle? Al gau komt Tymo derachter dat it allegear net sa maklik is, hielendal as it famke Bahar neist him komt te wenjen.

Jesse

Jesse

boppebou
ISBN: 9789493159396

Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert, mar lûkt mei syn mem by pake yn, op in pleats oan ’e seedyk. Wêrom moast er sa hals-oer-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin er fertrouwe? Lieke miskien?

It Spûkskip

It Spûkskip

boppebou
ISBN: 9789493159044

In sammelbondel mei 25 koarte ferhalen dy’t oer fan alles en noch wat geane: oer in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy’t him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy’t op besite komt, in oaljefant dy’t in auto plettet… Soms binne de ferhalen grappich, soms grizelich of oangripend. Mar der is altyd ien te finen dy’t by de sfear fan it momint of de tiid fan it jier past.

Dingeman krijt wjukken

Dingeman krijt wjukken

boppebou
ISBN: 9789062735624

Dingeman wurdt útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij. Dêr moetet er de frijfochten Joazef, mei syn bisten en grientetún, mar ek mei in skuorre, loads, hokken en hutten fol nuveraardige, kreative útfinings en masines. Dingeman fermakket him ta de teannen út. Mar hy kriget ek in nije kyk op himsels, de wrâld en it libben.
In nije útjefte fan de Fryske klassiker út 1999.