Yn ’e fiere takomst wurdt mei ferbazing sjoen nei de tiid dêr’t wy no yn libje: de plestiktiid, wêryn’t minsken nei in feestje plestik bestek fuortsmieten, bisten yn ’e problemen kamen troch it plestikôffal en fabrikanten mikroplestiks yn toskpoetsersguod dienen. Yn Dit wie de plestiktiid giest mei Dr. Buis, in plestiktiiddeskundige út 2132, op ekspedysje nei de plestiktiid. Hy fertelt dy alles oer it plestikprobleem: watfoar soarten wienen der, wêr op ’e wrâld hienen se der lêst fan en hokker jonge helden hawwe it plestikprobleem oanpakt.
Klút en Mients binne by de Waadsee. ‘Mar wat is dat no? Al it wetter is fuort!’ De freonen geane op syk nei de see. Se freegje in krabbe, leppelbekken en allegear oare bisten om har te helpen. Mar oft dy dêr tiid foar hawwe…
Mei dit edukative printeboek komme bern op in boartlike wize yn ‘e kunde mei eb en floed en de bisten fan de Waadsee.
In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…
In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht!
In modern mearke oer in kroanprins dy’t gjin sin oan trouwen hat. Mar dat kin fansels net. As de kroanprins oait kening wurde wol, dan moat er troud wêze, fynt syn mem. Dus se giet, om’t se mei pensjoen wol, op ’e syk nei in geskikte partner foar har soan. Soe dat slagje? Libbet elkenien lang en gelokkich oan de ein fan it boek?
As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal…
De toverangel fan Ate: ek geskikt foar bern dy’t graach bûten boartsje.
Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt…
In boek foar bern fan7 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing.
Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.
Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou – al giet net alles sa’t se it bedoeld ha.
Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten … foar Pier en Marieke. Ferhalen foar bern fan 6 jier ôf.
Poëzy foar bern fan 9-99 jier Mei gedichten fan:
Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma
Oan it begjin fan it lêste jier op de basisskoalle komt der in nij famke yn de klasse: Annemoon. Alle bern út de klasse wolle graach freonen mei har wêze, mar Grytta en Bauke fine har mar frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek in nuverenien. Daliks al, as se it lokaal ynstapt. It is krekt as sjocht Grytta dwers troch har hinne… Soe Grytta, lykas har beppe, bysûndere krêften hawwe?
Heksegrytta is in ferhaal oer freonskip en oer hoe’tsto dy in hâlding joust yn in klasse wêr’t nimmen dy ken. Soms dochst eat wat ferkeard útpakt en barre der dingen dy’tst fan te foaren noait betinke koest.
De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp. De minsken fine har mar raar, want se sammelet fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol skuon, huodden en kranten. De muorren binnen sels beplakt mei krantepapier.
As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûntstiet in bysûndere freonskip. Silke leart hoe’t se omgean moat mei famkes yn de klasse dy’t har pleagje. Miss Dee fleuret wakker op fan Silkes ferhalen, leart har in soad Ingelske wurden, en nimt sels wer kontakt op mei har suster yn Ingelân.