In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei.
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen.
En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.
Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse!
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?
A is fan aai Abe, B is fan baarch Bintsje, D is fan do Durk, E is fan eamelder Eise en gean sa mar troch. Yn dit kleurige printeboek steane alle letters fan it Fryske Aabee op in rychje. Eltse letter hat in rymke, dêr’t in bist mei deselde letter de haadrol yn spilet. By dat bist heart ek nochris in útrop mei deselde letter.(alderraarst, blikstiender, dealehaalder of piba!) Klearebare taalplezier!
Hidde syn pake timmeret in dekôr foar in berne-iepenloftspul. Hy fertelt Hidde dat der behalve bern ek in hûn en in kat yn meidwaan sille. In frou út Amsterdam sil foar dy bisten soargje. As dat net trochgiet, freget Hidde oft syn eigen hûn Twirre en kat Top net meispylje meie. Dagenlang oefenet Hidde mei syn bisten. Mei de repetysje giet alles goed. Mar dan rekket Top ferwûne en Twirre fljocht fan it toaniel ôf. Soe alles wol goedkomme mei de premjêre?
It ferfolch op it súkses fan Myn earste Fryske Van Dale: tûzen nije wurden foar lytse filosofen fan fjouwer jier en âlder.
Lytse bern begjinne faak al fragen te stellen dy’t net altiten maklik te beantwurdzjen binne. “Wat is fertriet?” “Jan seit dat ik my oanstel. Wat wol hy dêrmei sizze??”
Soms liket it der sels op dat abstrakte begripen yn it Frysk noch lestiger te befetsjen binne as yn it Nederlânsk. Tûzen fan sokke trefwurden wurde behannele yn Myn twadde Fryske Van Dale, yn de foarm fan ferskes en ferhalen bewurke troch Mindert Wijnstra.
Bartele Bûse hat in protte fantasy. Yn alles wat er fynt, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skilderet Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Bartele harket mei sân pear earen…
Tymo syn mem hat in nije freon: Ferdy. Tymo kin min mei him opsjitte. Syn mem kin wol better krije, fynt er. Dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. De heit fan it jonkje is in echte keunstner dy’t bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle? Al gau komt Tymo derachter dat it allegear net sa maklik is, hielendal as it famke Bahar neist him komt te wenjen.
Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert, mar lûkt mei syn mem by pake yn, op in pleats oan ’e seedyk. Wêrom moast er sa hals-oer-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin er fertrouwe? Lieke miskien?
Dingeman wurdt útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij. Dêr moetet er de frijfochten Joazef, mei syn bisten en grientetún, mar ek mei in skuorre, loads, hokken en hutten fol nuveraardige, kreative útfinings en masines. Dingeman fermakket him ta de teannen út. Mar hy kriget ek in nije kyk op himsels, de wrâld en it libben.
In nije útjefte fan de Fryske klassiker út 1999.