Nei de dea fan Ald Majoar, de baarch dy’t harren lieder wie, nimme de bisten de macht oer op de Hearkespleats. Se dope it boerehiem om ta: It Bistespul. It eksperimint begjint! Kinne de bisten it sels roaie op de pleats? Jawis – alteast… It duorret net lang ear’t de earste skuorkes yn de idillyske bistkommune har fertoane. Neat minskliks is de bisten frjemd. Slagje se deryn om it eksperimint slagje te litten? Of sil de skiednis himsels werhelje?
As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op `e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock `n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy`t alles mei ferslaving te krijen hat.
Hoe’t it libben der in foech hûndert jier lyn yn Fryslân útseach, dêr kinne wy ús troch Nynke fan Hichtum wol in goede foarstelling fan meitsje. Hja skreau mei De tsien fan Martens Afke – dat ynearsten yn it Nederlânsk ferskynde, ûnder de titel Afke’s Tiental – in prachtich berneboek oer it drege bestean fan in earm arbeidersgesin út Wergea. It boek is einliks in soarte reallife-soap, want de famylje mei de tsien bern bestie echt, al hiene hja yn werklikheid oare nammen.
In feest! Dat is wat Jeroen en syn freonen yn coronatiid wol brûke kinne. En wêr kin soks better as yn it bosk, dêr’t fierder gjinien him yn it donker sjen litte sil. Hielendal net no’t soks ferbean is fanwegen de jûnsklok. Emma komt fansels ek. It is dan wol út tusken har en Jeroen, mar se wol withoegraach werris útgean mei har freondinnen, seker no’t se dy krekt har grutte geheim ferteld hat. Samira wit ûnderwilens noch net oft se wol nei it feest ta mei. En hiel feilich is it ek net. Want hoe sit dat mei dy oanrander? It gefaar loert tusken de beammen…
Wij maken gebruik van functionele en analytische cookies voor optimalisatie en statistieken. Als je geen toestemming geeft of je toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden op deze website.