Lêspakket F

Lêspakket F

Alle tsien boeken mei spesjale koarting.

€175,- Bestel
De geheime doar

De geheime doar

10+ jier
ISBN: 9789493318625

25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Gouden Griffel-winner Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip.

De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer

De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer

4+ jier
ISBN: 9789464711295

In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!

Ik wol in bosk op ’e jierdei

Ik wol in bosk op ’e jierdei

4+ jier
ISBN: 9789493318267

It boek Ik wol in bosk op ‘e jierdei is selektearre foar de White Ravens 2024 fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellings foar bysundere boeken út ‘e wrâld binnen de ynternationale berne- en jeugdliteratuer. In fleurich printeboek oer dreamen dy’t útkomme en de magy fan beammen. Dit boek is der ek yn it Nederlânsk.

De jonge, de mol, de foks en it hynder

De jonge, de mol, de foks en it hynder

7+ jier
ISBN: 9789493318052

De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder, oerset troch Baukje Wytsma, is in prachtich ferhaal fan Charlie Mackesy oer freonskip, leafde en dysels wêze. In leaf en learsum boek oer de wearde fan in ultime freonskip.

Anton yn it museum

Anton yn it museum

4+ jier
ISBN: 9789493318595

Anton komt fan ’t bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum.
En dan wurdt alles oars …

De bûseskatten fan Poike

De bûseskatten fan Poike

4+ jier
ISBN: 9789493318618

Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen? De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en knutselwurkjes ynspirearre op sammele bûseskatten, foar bern fan 4 jier ôf.

De wurdskat

De wurdskat

7+ jier
ISBN: 9789493318564

Oskar fynt by it skatgraven in grutte kiste. Hy makket de kiste iepen, mar dan blykt dat der allinne mar wurden yn sitte. Oskar is bot teloarsteld, oant er de kracht fan wurden ûntdekt. Ast se ienkear útsprekst, hawwe wurden in magyske kracht. Dus gean der foarsichtich mei om. Mei wurden kinst de wrâld yn bloei sette. En kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije. In orzjineel printeboek mei boartlike en humoristyske yllustraasjes oer wurdskat en fantasy. Fan 7 jier ôf.

Dit wie de plestik tiid

Dit wie de plestik tiid

8+ jier
ISBN: 9789493318458

Yn ’e fiere takomst wurdt mei ferbazing sjoen nei de tiid dêr’t wy no yn libje: de plestiktiid, wêryn’t minsken nei in feestje plestik bestek fuortsmieten, bisten yn ’e problemen kamen troch it plestikôffal en fabrikanten mikroplestiks yn toskpoetsersguod dienen. Yn Dit wie de plestiktiid giest mei Dr. Buis, in plestiktiiddeskundige út 2132, op ekspedysje nei de plestiktiid. Hy fertelt dy alles oer it plestikprobleem: watfoar soarten wienen der, wêr op ’e wrâld hienen se der lêst fan en hokker jonge helden hawwe it plestikprobleem oanpakt.

Abe en de Aardichman

Abe en de Aardichman

5+ jier
ISBN: 9789493159884

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

It leafst bin ik in fûgel

It leafst bin ik in fûgel

9+ jier
ISBN: 9789492176899

Poëzy foar bern fan 9-99 jier Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma