2e printinge Fryske Pippi leit no yn de winkel
De 1e printinge fan de Fryske edysje fan Pippi Langkous wie samar útferkocht. Gelokkich leit no de 2e printinge yn de (web)winkel. Alle Pippi-fans dy’t ‘útferkocht’ te hearren krigen, kinne no har slach slaan. Super leuk om kado te dwaan mar ek hearlik om sels te lêzen!De ‘Fryske Pippi’ is útbrocht ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterkste famke fan de hiele wrâld. Yn de Fryske edysje fan Pippi Langkous stean de dielen ‘Pippi Langkous’, ‘Pippi Langkous giet oan board’ en ‘Pippi Langkous yn Taka-Tukalân’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.
Mear ynformaasje en bestelle: www.websjop.afuk.frl. Harkje hjirûnder nei in fragmint.