9e printinge fan it populêre printeboek 'Tûzen wurden'

Tûzen wurden, it iennige echte ‘sykje it pykje’ boek, is fan no ôf wer te krijen yn de boekwinkel. It súksesfolle syk- en sjochboek fan Heather Amery en Stephen Cartwright jout bern fan ferskate leeftiden én folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. De earste Fryske printinge ferskynde yn 1981 by útjouwerij de Friese Pers yn Ljouwert. Underwilens is it boek ta oan de 9e printinge, hjoed ferskynd by útjouwerij Afûk.Ferdield oer twa siden, fynst hieltyd ien grutte detaillearre tekening yn in bepaald tema. Kinsto de foarwerpen dy’t dêr rûnom steane ek op de grutte plaat werom fine? En wêr sit it einepykje ferstoppe? Efteryn it boek is in alfabetyske wurdlist opnommen mei de Hollânske en Ingelske oersetting derby.

Mear witte of it boek fuortendaliks bestelle? Gean dan nei ús websjop.