'Abe en de Aardichman' yn seleksje foar ynternasjonale tentoanstelling

Yllustrator Yke Reeder hat mei har yllustraasjes foar it boek ‘Abe en de Aardichman’ in plakje op de Biennial of Illustrations Bratislava (BIB), in renomearre ynternasjonale tentoanstelling foar de moaiste berneboeke-yllustraasjes. IBBY-Nederland soarge foar de 10 Nederlânske ynstjoeringen. De sjuery kent by de tentoanstelling yn oktober ferskate prizen ta.Fan 4 oktober o/m 3 desimber 2023 fynt de 29e edysje fan de Biennial of Illustrations Bratislava (BIB) plak. In ynternasjonale tentoanstelling foar de moaiste berneboeke-yllustraasjes. IBBY-Nederland soarget foar de 10 Nederlânske ynstjoeringen. “Na grondig overleg is de commissie tot een unaniem gedragen selectie gekomen van illustratoren en boeken, waarmee Nederland goed vertegenwoordigd zal zijn in Bratislava.” De seleksje-kommisje is gearstald troch it bestjoer fan IBBY-Nederland en bestie dit jier út Femmie van Dodewaard (Kinderboekwinkel de Giraf), Eline Mijnster (Bibliotheek AanZet), Talma Joachimsthal (grafisch ontwerper/boekenmaker) en Elke Brand (bestuurslid IBBY).

Prizen
Foarôfgeand oan de iepening fan de BIB wurde alle tentoanstelde yllustraasjes, ynstjoerd fan oer de hiele wrâld, beoardiele troch in ynternasjonale sjuery. De sjuery kent by de tentoanstelling ferskate prizen ta: de Grand Prix, fiif Gouden Appels en fiif Medailles.

It boek
‘Abe en de Aardichman’ is in sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint, foar bern fan 5-9 jier. It boek is skreaun troch Tialda Hoogeveen, Berneboeke-amabasseur fan Fryslân yn 2023 en 2024.

Mear ynformaasje oer de seleksje fan de 10 yllustraasjes fynst op de website fan IBBY Nederland.
Lês hjir mear oer de tentoanstelling fan BIB2023 en eardere winners.