Afûk skinkt 100 eksimplaren fan ‘Beppe Gruffalo’ oan de Speelgoedbanken yn Fryslân

It nijste aventoer fan de Gruffalo-famylje ferskynt wrâldwiid yn 37 talen tagelyk – ek yn it Frysk!

Hjoed, tongersdei 10 septimber, wurdt wrâldwiid it nijste boek oer de Gruffalo-famylje lansearre: Gruffalo Granny. It printeboek fan Macmillan Children’s Books ferskynt tagelyk yn ferskate lannen en yn mar leafst 37 talen. De Fryske edysje, mei de titel Beppe Gruffalo, ferskynt hjoed by útjouwerij Afûk. Underdiel fan de wrâldwide lansearring is in bysûndere aksje foar it goede doel. Utjouwers skinke
10 prosint fan harren oplage oan in goed doel. Utjouwerij Afûk skinkt dêrom 100 eksimplaren fan de Fryske edysje Beppe Gruffalo oan de Speelgoedbanken yn Fryslân.Wrâldwide aksje: boeken foar bern
Mei de wrâldwide aksje sette 37 ynternasjonale útjouwers harren yn foar it befoarderjen fan taalfeardigens en it berikken fan bern en húshâldingen op ferskate manieren. Oant no ta binne al hast 200.000 boeken tasein as skinking. Sa wurde der ûnder oaren boeken skonken oan bernesikehuzen, oan bern dy’t yn in wenfoarsjenning opgroeie, oan opfangplakken foar froulju en bern, en wurdt der gearwurke mei in stifting dy’t derfoar soarget dat bern dy’t yn earmoede opgroeie dochs harren jierdei fiere kinne mei in boek. De lansearring fan Gruffalo Granny is in wrâldwiid koördinearre beweging dy’t útjouwers en goede doelen byinoar bringt om de wille fan it lêzen nei miljoenen húshâldingen oer de hiele wrâld te bringen.

Hûndert boeken foar de Speelgoedbanken yn Fryslân
Utjouwerij Afûk keas foar de Fryske aksje de Speelgoedbanken yn Fryslân út as goed doel. Der is in lokaasje op It Hearrenfean (Speelgoedbank Heerenveen) en ien yn Snits (Speelgoedbank Friesland). By beide lokaasjes steane mei-inoar sa’n 250 gesinnen ynskreaun dy’t libje oant op 120% fan it bystânsnivo en in pear kear yn it jier boartersguod en boeken útsykje meie mei harren bern.

Beide Speelgoedbanken binne tige wiis mei de skinking. Anna Petra van der Wal fan lokaasje It Hearrenfean fertelt: ‘Alle jierren hawwe wy in Sinteklaas-aksje wêrby’t wy pûden mei kadootsjes by gesinnen bringe. Dat wy dêr dit jier ek in nij printeboek yn stopje kinne is fansels fantastysk!’ Ek by de lokaasje yn Snits is de skinking tige wolkom. Ina Hofman: ‘Ik lês in protte foar en fyn it hiel wichtich dat bern op jonge leeftyd de leafde foar boeken meikrije. Dat wy se no sa’n prachtich printeboek kado dwaan kinne, is super!’

It ferhaal
‘Dyn beppe komt útfanhûs’, sei de Gruffalo, ‘fynst dat net in moai kado?’
‘Hoe sjocht se der út, heit, liket se op dy? Of hat se krekt sokke rôze stikels as my?’

Beppe komt útfanhûs by de Gruffalo en syn dochter. Allinne it bêste is goed genôch foar beppe, dus watfoar hearlik miel iten sille se foar har meitsje? En hoe kin de lytse brune mûs derfoar soargje dat hy net op it menu komt?

It langferwachte tredde boek oer de Gruffalo. Mei fansels wer in glânsrol fan de mûs. No al in klassiker!

De Gruffalo-kolleksje
Gruffalo Granny is it tredde printeboek yn de Gruffalo-rige. Alle trije de boeken binne ek yn it Frysk útbrocht by de Afûk. Earder ferskynden al De Gruffalo en De Lytse Gruffalo. Ek it kartonboekje It is de Gruffalo!, mei in fingerpopke, is yn it Frysk útbrocht.

Boekgegevens
Beppe Gruffalo
Auteur: Julia Donaldson
Yllustrator: Axel Scheffler
Oersetter: Hermien van der Meer & Ytsje Steen
Utfiering: ynbûn, hurd kaft
ISBN: 978 949 3318 75 5
Ferkeappriis: € 15,99
Tal siden: 40
websjop.afuk.frl