'Anton yn it museum' fan Mirjam van Houten opnommen yn seleksje White Ravens 2026
It boek Anton yn it museum fan Mirjam van Houten is selektearre foar de White Ravens 2026 fan de ‘International Jugendbibliothek München’. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.De oanbefellingslist ‘The White Ravens’ fan dit jier befettet koarte beskriuwingen fan 216 bysûndere nije boeken foar bern en jongerein, yn 46 talen en ôfkomstich út 62 lannen. De eksperts op it mêd fan berneliteratuer fan de International Youth Library makken de seleksje út it grutte tal resinsjes – en skinkingseksimplaren dy’t de biblioteek it ôfrûne jier krige. It team rjochtet him op titels dy’t fanwegen harren literêre en byldzjende kwaliteit en/of de behannele tema’s fan bysûnder belang wêze kinne foar in ynternasjonaal publyk.

De oanbefellingslist dy’t de International Youth Library fan de White Ravens makke hat, wurdt yn oktober presintearre op de boekebeurs fan Frankfurt (Frankfurter Buchmesse) en yn 2027 op de Kinderboekenbeurs yn Bologna. Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy’t hjir te downloaden is.
It ferhaal
Anton komt fan ’t bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum. En dan wurdt alles oars…
Oer Mirjam van Houten
Anton yn it museum is skreaun én yllustrearre troch Mirjam van Houten. Mirjam van Houten (1977) wurke as sjoernalist en tekstskriuwer, mar yn 2010 goaide se it roer om en lei har ta op it skriuwen en yllustrearjen fan berneboeken. En mei sukses, oant no ta ferskynden fiif berneboeken fan har hân. Mear ynformaasje oer Mirjam van Houten fynst op de webside fan Tresoar en fansels har eigen webside!