Bekroande Fryske strip ‘Redbad’ fan Skelte Siweris Braaksma ferskynt no ek yn it Nederlânsk
It bekroande Frysktalige stripboek Redbad fan Skelte Siweris Braaksma ferskynt, ta gelegenheid fan de grutte tentoanstelling oer kening Redbad, no ek yn it Nederlânsk by Utjouwerij Afûk. It boek is in ferstripping fan de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra út 2011 en fertelt it ferhaal fan de legindaryske Fryske kening.Oer it boek – wa wie kening Redbad?
Redbad is wrâldferneamd as ‘grutste Fries ea’, mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan ‘e kening fan Magna Frisia derút yn ‘e iere midsiuwen? En hoe waard er letter kening? Hoe bestjoerde hy Fryslân en wa wiene de minsken om him hinne? En wêrtroch wie just yn dy tiid de takomst fan Fryslân ûnwis? Yn Redbad sketst Braaksma in byld fan hoe’t it libben fan de romrofte kening derút sjoen hawwe koe.
Fan syn jeugd oant syn dea folgje we Redbad troch de eagen fan syn bloedfreon. Tegearre sykje sy, krekt as harren fijannen en Redbad sels, hieltyd de grinzen op fan wat rjochtfeardich is as in heger doel op it spul stiet.
De oarspronklike Fryske útjefte ferskynde yn 2024. Yn 2025 waard de strip bekroand mei de Diet Huberpriis foar it bêste yllustrearre Fryske berne- en jongereinboek.
Tentoanstelling oer Redbad
Fan 5 septimber 2026 oant en mei 7 febrewaris 2027 fynt yn Nederlân en Dútslân in grutskalich tentoanstellingsprojekt plak om Kening Redbad hinne. Foar it earst wurdt it tiidrek fan Redbad en Magna Frisia út yntinsyf wittenskiplik ûndersyk wei op ‘e nij beljochte. Yn it Fries Museum krijt de wrâld fan de iere midsiuwen en de legindaryske kening op ‘e nij foarm. Ta gelegenheid fan dy grutte tentoanstelling ferskynt de strip Redbad no ek yn it Nederlânsk.
Noch mear Redbad: fideorige en lespakket ‘Redbad – De Fryske Kening’ foar skoallen
Nei oanlieding fan alle oandacht foar Redbad, ûntwikkele it team ûnderwiis fan de Afûk, yn gearwurking mei it Fries Museum en Omrop Fryslân, in lespakket foar skoallen: ‘Redbad – De Fryske Kening’. It projekt bestiet út in fjouwerdielige Tsjil Tsjekt-fideosearje mei byhearrend lespakket, dat hielendal oanslút op de tentoanstelling yn it Fries Museum. Oan de hân fan bysûndere fynsten ûntdekke learlingen sa hieltyd mear oer it Fryske ryk, lânskip en libben yn it Fryslân fan de 7e en 8e iuw. It lespakket is geskikt foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis en is foar skoallen fergees te bestellen fia www.keningredbad.nl.
Boekgegevens
Redbad (NL)
Auteur en yllustrator: Skelte Siweris Braaksma
Utfiering: hurd kaft
ISBN: 978 949 331 89 08
Ferkeappriis: € 19,50
websjop.afuk.frl