Berneboek fan Lida Dykstra op shortlist foar literatuerpriis 'de Boon'

De Fryske berneboeke-skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra stiet mei har boek ‘Schaduw van Toet’ op de shortlist foar de Boon yn de kategory berne- en jeugdliteratuer! De Boon is in nije én direkt ek de grutste Flaamske literatuerpriis dy’t 24 maart foar de earste kear útrikt wurde sil.De priis bestiet út twa kategoryen: de Boon foar fiksje en non-fiksje en de Boon foar berne- en jeugdliteratuer. Foar beide winners is in jildpriis fan € 50.000,- beskikber. Dykstra is mei ‘Schaduw van Toet’ ien fan de fiif kânshawwers yn de kategory berne- en jeugdliteratuer.

Publykspriis: bring no dyn stim út
Yn beide kategoryen wurdt ek in publykspriis fan € 5.000,- útrikt en dêrfoar kinsto nó dyn stim útbringe. Tsjek de link en stim op it boek fan Lida!

Schaduw van Toet
Yn Schaduw van Toet nimme auteur Lida Dijkstra en yllustrator Djenné Fila dy mei nei it hof fan de farao’s yn it âlde Egypte. Efter alle ‘pracht en praal’ besiket in jonge keningsdochter har steande te hâlden yn in wrâld fol list en bedroch.

Anchesenamon groeit op aan het hof van haar vader, farao Achnaton, in het oude Egypte. Ondanks de luxe van een mooi nieuw paleis en een leven vol parades en feesten is haar leven niet gemakkelijk. Haar familie heeft honger naar macht en haar vader maakt zich niet geliefd bij het volk. Amany heeft al vijf zusjes als ze er een halfbroertje bij krijgt: Toetanchamon, een zwak jongetje met een scheef voetje – de toekomstige farao van Egypte. Ze werpt zich op als zijn beschermer en leert hem alles wat hij moet weten om in leven te blijven. Als een schaduw leeft ze aan zijn zij, en alles lijkt goed te gaan. Tot het noodlot toeslaat en haar eigen leven in groot gevaar is …

Mear ynformaasje oer de Boon is te finen op www.deboon.be.