Berneboeke-ambassadeur oerlanget Lêskoffers oan alle basisskoallen yn Opsterlân

De gemeente Opsterlân hat as earste Fryske gemeente foar al har 22 basisskoallen in besite fan de Berneboeke-ambassadeur regele. Ut namme fan de VCSO en Comprix skoallen Opsterlân hat de wurkgroep Schrijvers in school it inisjatyf hjirfoar naam. Neist de besiten krije alle 22 basisskoallen ek de Lêskoffer fan de gemeente. De koffers binne tongersdei 11 juny troch Berneboek-ambassadeur Lida Dykstra oan de wurkgroep oerlange.

Lida fynt it inisjatyf fan de wurkgroep yn Opsterlân geweldich. “Gjin skoalle yn dy gemeente wurdt sa oerslein, mar se krije allegear in kolleksje moaie Fryske berneboeken en in soad ideeën hoe’t jo dêr mei wurkje kinne, oanrikt.  Ik hoopje eins dat mear gemeenten yn Fryslân dit foarbyld folgje sille.”

Kultuercoach fan de gemeente Theo Schlepers sit yn de wurkgroep en is ien fan de oanjeiers. “Sinds 2003 is de werkgroep begonnen met creatieve initiatieven om de leesbeleving in groep 5/6 te stimuleren. Lida komt op het juiste moment, na Corona, als ambassadeur het onderwijs verrassen met een Friese impuls tijdens een uitgebreide kinderboekenperiode.”

Yn har skoalbesiten wurket Lida mei de boeken út de Lêskoffer, mar yn Opsterlân sil sy yn septimber en oktober ek oandacht besteegje oan it tema fan de Berneboekewike fan dit jier. Yn de Lêskoffer sitte tsien Fryske boeken dy’t de Berneboeke-ambassadeur spesjaal selektearre hat. By alle boeken binne lesbrieven skreaun mei ferwurkingsopdrachten, dy kinne troch skoallen fergees brûkt wurde.

Oare skoallen en ynstellings yn Fryslân kinne harren noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur, de Lêskoffer bestelle en fergees de lesbrieven downloade fia de website www.berneboekeambassadeur.frl.