Boeketips foar bern yn de nije heit&mem Foarlêsgids

Alle jierren ferskynt der fan de redaksje fan heit&mem in spesjale Foarlêsgids fol mei Fryske berneboeken. Boeken foar de allerlytsten oant boeken foar bern oant en mei 12 jier ta. In prachtich oersjoch mei fansels de nijste titels, mar ek de nedige ‘old time favorites’ oersichtlik byelkoar op leeftiid en yndield yn tema’s. Njonken de boeketips fynst yn de Foarlêsgids ek foarlêstips, boekresinsjes en ferhaaltsjes. In moai bewar-eksimplaar om trochhinne te sneupen en ynspiraasje op te dwaan.De Foarlêsgids is der foar âlders, opfieders, oppassers, learkrêften en biblioteken om maklik it goede boek te kiezen dat oanslút by de belibbingswrâld fan bern. Mei de Foarlêsgids wurdt foarlêzen noch leuker en tagonkliker – in skatkeamer oan Fryske ferhalen!

De Foarlêsgids is fergees te bestellen yn de Afûkwebsjop (betellest allinne de ferstjoerskosten). Of kom del yn ús winkel en helje ‘m op!

Fan 1-25 septimber 2026 binne de Lês-mar-foar-wiken
Yn de Lês-mar-foar-wiken is der alle jierren ekstra omtinken foar de wille en foardielen fan foarlêzen en wurdt rûnom yn Fryslân ekstra foarlêzen oan bern: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Bysûnder fan ’t jier is, dat der nei al dy jierren mei de bekende foarlêsboekjes fan Tomke, dizze kear foarlêzen wurde sil út it alderearste Tys & Teske foarlêsboekje! It boekje is ek, hielendal fergees, op te heljen by de biblioteek. Lykas trouwens it spesjale Keimpe-boekje foar bern fan 4-8 jier. Mar dat is noch lang net alles! Lês der folle mear oer op www.lesmarfoar.frl!