De Diet Huberpriis: nije priis foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken

Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012). De priis sil fan ‘t hjerst foar it earst útrikt wurde. De Diet Huberpriis sil takend wurde oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. It giet dan om yllustraasjes fan boeken foar bern oant en mei 12 jier dy’t ferskynd binne yn de trije jier foarôfgeand oan de priisútrikking. De trije leden fan de sjuery binne assistint-konservator fan Museum Belvédère Susan van den Berg, byldzjende keunstkenner Margaretha Cats en berne- en jongereinboekeskriuwer Dolf Verroen. It leit yn de bedoeling dat de sjuery foar 1 septimber mei in advys komt en dat de priis yn oktober feestlik útrikt wurde sil.

De priis, besteande út in bedrach fan € 2000,- en in oarkonde, sil ienris yn de trije jier takend wurde en is yn it libben roppen troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat.

Fragen kinne stjoerd wurde nei: ynfo@stiftingflmd.frl.