De nije Foarlêsgids: berneboeke-ynspiraasje

Yn de nije edysje fan de Foarlêsgids fynst in moai oersjoch fan aktuele Fryske berneboeken. Leuk om te besjen en ynspiraasje op te dwaan. En wistest dat foarlêzen net allinne leuk is mar dat it ek de bân mei dyn bern fersterket en goed is foar de opbou fan de wurdskat en fierdere taalûntwikkeling? Lekker foarlêze dus.

Njonken in oersjoch fan de nijste berneboeken (0-12 jier) fynst yn de Foarlêsgids ek ynformaasje oer meartaligens en tips foar it foarlêzen oan bern yn alle leeftiden. Nijsgjirrich? Bestel in fergees eksimplaar yn de Afûk websjop en sneup ek fuortendaliks even troch ús brede oanbod berneboeken!