‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk!
Dit jier ferskynt yn de nasjonale Berneboekewike foar it earst ek in Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting makke fan it Kinderboekenweekgeschenk 2022 ûnder de titel: ‘Healwize beamhutferhalen, oer doe’t it Stoel-Yn-Dyn-Noasdei wie en oare healwize saken’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.It Kinderboekenweekgeschenk is dit jier skreaun troch Andy Griffiths, tegearre mei yllustrator Terry Denton bekend fan de populêre ‘De waanzinnige boomhut’-rige. Yn de Berneboekewike fan 5 o/m 16 oktober is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan op syn minst €12,50 oan Fryske boeken.
Gean gau del by dyn boekhannel, ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert óf sjop yn ús websjop!
De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de webside: www.boekenfanfryslân.frl.