Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij hjerst/winternûmer is fan de parse rôle. Yn it blêd fynst dit kear û.o. artikels oer iten foar skoalbern, gearstalde húshâldings, boerdspultsjes, oer hoe’st dyn relaasje goed hâldst, oer selsbetrouwen by bern en noch folle mear. Heit&mem is it tydskrift foar âlders foar bern fan 0-12 jier, yn it Frysk en it Nederlânsk en is ynkoarten wer op in hiel soad plakken yn de provinsje te krijen. Hielendal fergees! It tydskrift heit&mem wurdt yn in oplaach fan 40.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by biblioteken, skoallen, sikenhúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir te bestellen. Leauer online lêze? Jawis, dat kin ek. Sjoch yn dat gefal hjir.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem.

In protte lêswille tawinske!