Doch mear mei printeboeken en krij in lesbrieveset fergees
Fregesto dy as pjutte- of beukerliedster ek wol ris ôf hokker boeken no echt de muoite wurdich binne om oan te skaffen op de groep? No, wy hawwe op dy fraach in antwurd. Us team foarskoalsk hat nammentlik in set fan seis prachtige printeboeken gearstald en by alle seis titels in lesbrief makke. It pakket is no te keap yn ús websjop ûnder de kategory Taalplan Frysk 2030.De boeken binne selektearre om de ‘rike’ teksten en yllustraasjes. Dat wol sizze dat it boek nijsgjirrige ûnderwerpen behannelt dy’t bern oan it tinken sette, goed formulearre teksten befettet mei in ryk ferskaat oan wurden en rake, prikkeljende yllustraasjes hat. Sa’n ryk printeboek is poergeskikt om in skoftke sintraal te stellen en ferskate aktiviteiten om hinne te organisearjen.
It boekepakket bestiet út de boeken: Buorman Brombear, By beppe útfanhûs, De Grutte Griene Grizel, Omke Ûle past op, Skelte wol in Skelter en De Lytse Walfisk.
De lesbrieveset bestiet út in bewarmapke mei mear ynformaasje oer foarlêzen en tips oer hoe’tst safolle mooglik út it foarlêzen helje kinst. Yn it mapke sit by alle seis boeken in lesbrief mei spesifike tips by it printeboek en de tema’s dêromhinne.
Bestel hjir dyn set fan seis prachtige printeboeken mei in lesbrieveset der fergees op ta!