Doch mei: Berneboekewike ferhalewedstriid

De simmerfakânsje stiet foar de doar en dát is in moaie tiid om it ris mei pake en beppe te hawwen oer de tiid dat sy jong wienen! Hawwe jim pake en beppe dy bygelyks wolris ferteld oer de spultsjes dy’t se dienen? En liket harren boartersguod noch op it boartersguod dêr’tsto no mei boartest? Meitsje der in Fryske beskriuwing fan, mei wa wit in moaie ôfbylding derby!

Mei dyn beskriuwing (tink oan dingen as: hoe sjocht it der út, wat kinst der mei, hoe wurket it, ensfh.) kinst dan yn de Berneboekewike (30 septimber o/m 11 oktober 2020) meidwaan oan de ferhalewedstriid! Miskien komsto dan wol yn in spesjale útjefte fan it tydskrift heit&mem te stean: de pake&beppe! Hoe leuk is dat? Stjoer dyn Fryske beskriuwing (mei eventueel in foto of in oar soarte ôfbylding) nei spoar8@afuk.frl. Meist it ynstjoere wannear as’t wolst mar yn alle gefallen foar 11 oktober 2020 want dan is de Berneboekewike wer dien. Fertel ek efkes hoe âld oftst bist, wêr’st wennest en op hokker basisskoalle oftsto sitst.

As dyn beskriuwing útsocht wurdt foar publikaasje yn it spesjale tydskrift pake&beppe, dan krigest dêr persoanlik berjocht fan ús oer. It tydskrift – mei miskien wol dyn ferhaal! – ferskynt dan begjin 2021.

Enne … foar juffen en masters yn it basisûnderwiis: wy organisearje noch mear leuke dingen foar de Berneboekewike! Hâld it spoarboekje fan Spoar 8 yn ‘e gaten!