Earste edukative escaperoom oer pesten no beskikber foar basisskoallen
Mei-inoar yn stee fan tsjininoar, dat is de iennige manier wêrop’t learlingen mei dit ynteraktive spul út de greep fan hacker Anno N. komme kinne. Anno N. fersus skoalbern is in nij ûntwikkele edukatyf escape(class)room-spul foar it basisûnderwiis. Mei dit fernijende projekt pakke de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College it pesten op skoalle oan. Mienskipsskoalle Bloei út Terherne hie de eare om it spul hjoed foar it earst te spyljen en dêrmei offisjeel te lansearjen. Direkteur Alex de Jager fan de Afûk is bliid mei de gearwurking: “Mei ferskate partners wurkje wy oan it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Mei dizze yntegrale oanpak, keppele oan wichtige maatskiplike tema’s, meitsje wy it Frysk ûnderdiel fan de deistige aktiviteiten op skoallen.”
Neffens einredakteur Janjelle Ringnalda fan Omrop Fryslân Tsjil slút dit projekt hiel goed oan by de doelstellingen fan Omrop Fryslân: “Omrop Fryslân Tsjil (earder SkoalTV) hat as doelstelling om safolle mooglik de ynteraksje te sykjen mei bern en boppedat ek de ûnderlinge ynteraksje tusken de bern sels te stimulearjen. Mei dit escaperoom-spul, wêryn’t in spannend en edukatyf ferhaal ferteld wurdt, bringe wy it Frysk op in leechdrompelige wize by de doelgroep.”
Dizze wike is it de Week tegen het pesten, in ekstra reden om dêrom just no it spul te lansearjen. De escape(class)room hat nammentlik in wichtich maatskiplik tema: pesten. Groepsfoarming yn it ûnderwiis is gewoan en wol gauris falt der immen bûten de boat. Dat bart ek faker as dat wol tocht wurdt. Ut ûndersyk docht bliken dat ûngefear 1 op de 10 bern pest wurdt. In tredde fan dy bern praat dêr net oer. Dat wylst pesten in grutte impact op it deistich libben hat en ek grutte gefolgen hawwe kin foar de takomst. Mei dit spul wurde bern dêr bewust fan makke en moatte se as groep gearwurkje om de hacker ûnskealik te meitsjen. Dat dogge se troch mei-inoar alderhande Frysktalige spultsjes en opdrachten út te fieren.
Basisskoallen kinne it projekt folslein selsstannich útfiere en guon opdrachten eventueel sels noch taspitse op de klasse. De opdrachten wurde al oanbean op de spesifike nivo’s fan learlingen fan groep 1 o/m 8.
Anno N. fersus skoalbern is in projekt fan de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College. Basisskoallen kinne har no fergees oanmelde foar dit projekt fia www.annon.frl.