Foar dy: moaie wurden fan Praat mar Frysk

Praat mar Frysk hat wat nijs! Moaie wurden. Foar dysels, in oar, foar dyn leafste, om stikem by ien yn ‘e jas te triuwen, om ien in hert ûnder de riem te stekken, om fuort te jaan oan mei wa’sto mar in moai wurd diele wolst. Mar leafst 20 moaie Fryske wurden hat Praat mar Frysk útsocht en bondele ta in prachtich pakketsje. Te krijen yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk, de Afûk websjop en fansels yn de websjop fan Praat mar Frysk!