Foarlêsgids 2023: de nijste berneboeken en apps (0-12 jier)

Der is wer in nije foarlêsgids ferskynd! Earder kaam dit ynformative gidske yn de foarm fan in brosjuere, mar no as royale úttearfolder mei in prachtige poster fan De letterfretter op de efterkant. Yn de foarlêsgids fynst in seleksje fan de nijste Fryske berneboeken en apps foar bern fan 0-12 jier en handige foarlêstips.De foarlêsgids is in fergese útjefte fan Afûk/heit&mem. Fansels te krijen yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en yn alle Fryske biblioteken. Of bestel ‘m bygelyks mei, mei in bestelling yn ús websjop.