Foarlêzers socht foar it 'Nationaal Voorleesrecord 2025'

Tidens de ‘Week van de Preventie’, tusken 23 en 27 juny 2025, wurdt it ‘Nationaal Voorleesrecord’ fêstige. De rekôrpoging wurdt organisearre út de Fryske previnsjeoanpak en fynt plak yn dBieb yn Ljouwert. Der wurdt 100 oeren hieltyd foarlêzen troch 200 minsken dy’t elk in healoere foarlêze. Mei dit evenemint wol de organisaasje de positive effekten fan foarlêzen ûnder de oandacht bringe. dBieb siket mei-inoar 200 minsken dy’t in healoere komme te foarlêzen. Besikers binne de hiele wike fan herte wolkom om foarlêzen te wurde. Tusken sân oere moarns en sân oere jûns wurde der berneboeken lêzen, nachts en jûns is it tiid foar folwoeksen sjenres.

Wolst ek foarlêze? Jou dy dan op fia www.friesepreventieaanpak.nl of download de flyer Voorleesrecord.